Maria Sterk kampioen en tredde

31 okt 2010 - 00:33
  • Maria Sterk mei de medaljes fan dit wykein (foto: Martin de Jong)

Maria Sterk is sneon yn Assen Nederlânsk kampioen wintertriatlon wurden. Nei 5 kilometer draven, 25 kilometer fytsen en 10 kilometer reedriden hie de ynwenster fan Hallum 39 sekonden foarsprong op Bianca Broers-Duursma fan De Lemmer.

Op sneontejûn ried Maria Sterk de twadde maraton fan it seizoen op Thialf. Achter Foske Tamar van der Wal en Jolanda Langeland waard Sterk tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)