Margreeth de Boer ynformateur

07 mrt 2011 - 11:33
  • Margreeth de Boer (argyffoto)

Ald-boargemaster Margreeth de Boer fan Ljouwert is oansteld as ynformateur foar de foarming fan in nij kolleezje fan deputearre steaten yn Fryslân. Dat lit polityk lieder Hans Konst fan de PvdA yn Fryslân witte. De PvdA kaam as grutste partij út de steateferkiezings fan ferline wike.

De Boer hat ek minister en deputearre west. Se is ek no noch bestjoerlik aktyf. De PvdA ferwachtet dat se mei faasje wurkje kin fanwege har netwurk, bestjoerlike ûnderfining en oansjen .

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)