Margreeth de Boer yn Hoogeveen

02 jul 2010 - 15:05
  • Margreeth de Boer (foto: Omrop Fryslân)

Ald-waarnimmend boargemaster fan Ljouwert, Margreeth de Boer, is beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Hoogeveen. Dêrta hat de kommissaris fan 'e keninginne yn Drinte Jacques Tichelaar besletten.

Fanwege it ferstjerren fan boargemaster Helmer Koetje yn maaie moat Hoogeveen op syk nei in nije earste boarger. Foar de tuskenperioade is besletten ta in waarnimmer. Margreeth de Boer sil dêr wurkje oant uterlik 1 maart 2011.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)