Margot Boer wint NK sprint

30 des 2011 - 16:51

Margot Boer fan Goaiïngaryp is foar de tredde kear yn har karriêre Nederlânsk kampioen op de sprint wurden. Op de ôfslutende 1000 meter yn iisstadion Thialf waard se tredde, achter winnares Marrit Leenstra en Ireen Wüst. It tredde plak op de 1000 meter wie lykwols genôch foar de titel. De nûmer twa yn it einklassemint, Thijsje Oenema fan De Jouwer, hie de lêste ôfstân net goed riden.

Achter Boer en Oenema waard Marrit Leenstra fan Wikel tredde yn it einklassemint. Har winnende tiid op de lêste 1000 meter, 1.15.64, wie in kampioenskipsrekôr.

Margot Boer, Thijsje Oenema, Marrit Leenstra en Annette Gerritsen komme no ein jannewaris 2012 út op it WK sprint yn Calgary.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)