Margot Boer twadde yn Erfurt

07 mrt 2010 - 16:25
  • Margot Boer

Reedrydster Margot Boer út Grou hat snein by de wrâldbekerwedstriden yn Erfurt har tredde sulveren medalje wûn. Se einige op de 500 meter as twadde achter de Dútske Jenny Wolf. Sneon wie Wolf ek al rapper op de 500 meter. Op de 1000 meter wie de Dútske Monique Angermüller better as Margot Boer. Snein waard Boer fjirde op de 1000 meter.

Hiel ferrassend wie it brûns foar Thijsje Oenema fan De Jouwer op de 500 meter, it earste poadiumplak foar har.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)