Margot Boer tredde op 1000 m.

24 mrt 2012 - 13:10

Margot Boer fan Goaiïngaryp hat sneon it brûns wûn op de 1000 meter by it WK ôfstannen yn Thialf. Boer wie mei har tiid fan 1.16.16 presys in sekonde stadiger as de winnende tiid fan de Kanadese Christine Nesbitt. Nesbitt pakt dêrmei foar de tredde kear op rige de wrâldtitel op de kilometer. It sulver wie foar de Sjinese Yu Jing.

Ireen Wüst ried in teloarstellende race en einige mei in tiid fan 1.16.33 op it fyfde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)