Margot Boer sânde yn Calgary

08 nov 2013 - 20:27
  • Margot Boer

Margot Boer fan Goaiïngaryp is freedtejûn sânde wurden op de 500 meter by de earste wrâldbekerwedstriid yn Calgary. Boer ried in tiid fan 37,64 en wie dêrmei de rapste fan de Nederlânske froulju. Thijsje Oenema fan De Jouwer waard mei in tiid fan 38,17 santjinde, ien plak efter Laurine van Riessen. De winst wie Sang-Hwa Lee út Súd-Koreä yn 36,91.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)