Margot Boer oan lieding by NK

27 des 2010 - 19:48
  • Margot Boer yn aksje (foto: Sportfoto.nl)

Margot Boer giet nei de earste dei fan it NK sprint yn Thialf oan de lieding. De ynwenster fan Grou wûn de 500 meter yn 38.49 en waard tredde op de 1000 meter yn 1.17.06. Op beide ôfstannen waard titelhâldster Annette Gerritsen twadde. Ireen Wüst wûn de 1000 meter yn 1.16.60 en is nei Boer en Gerritsen de tredde yn it klassemint.

Oare Friezinnen yn de top tsien binne Thijsje Oenema op it sechsde plak, Anice Das op it sânde en Janine Smit op it njoggende plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)