Margot Boer boppe-oan op NK

29 des 2011 - 16:49

Nei de earste dei fan it NK-sprint tongersdei yn Thialf stiet Margot Boer op it earste plak mei 76.845 punten. Ireen Wüst stiet twadde, Annette Gerritsen tredde, Thijsje Oenema fjirde, Marrit Leenstra seisde en Anice Das sânde.

Thijsje Oenema wûn de 500 meter tegearre mei Annette Gerritsen. Beide froulju einigen yn eksakt deselde tiid: 38.52. Margot Boer waard tredde yn 38.62, Anice Das seisde yn 38.96 en Marrit Leenstra sânde yn 39.02.

De 1000 meter waard wûn troch Ireen Wüst yn 1.15.72. Twadde waard Margot Boer yn 1.16.45 en tredde Marrit Leenstra yn 1.16.56.

Thijsje Oenema einige op de 1000 meter op it seisde plak en Anice Das waard njoggende. Freed wurde beide ôfstannen noch in kear riden. De bêste fjouwer fan it einklassemint meie nei it wrâldkampioenskip sprint yn Calgary, ein jannewaris 2012.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)