Margot Boer alfde op earste 500 meter, Bowe wint

11 mrt 2016 - 16:55

Margot Boer is op de earste 500 meter fan de wrâldbekerfinale yn Thialf as alfde einige. De ynwenster fan Goaiïngaryp ried in tiid fan 38.60. De winst gie nei de Amerikaanse Brittany Bowe yn 37.84. Twad waard Heather Richardson-Bergsma fan Aldeboarn en Jorien ter Mors einige as tredde.

By de manlju wûn troch de Rus Ruslan Murashov. De Nederlanner Ronald Mulder waard twadde en de Kanadees Gilmore Junio tredde. Der dogge gjin Fryske manlju mei op de 500 meter. Ek de wrâldkampioen op dizze ôfstân, Pavel Kulizhnikov, ûntbrekt.

Sneon en snein ride de manlju en froulju de twadde 500 meter fan dit wykein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)