Margot Boer 6e yn Salt Lake

15 nov 2013 - 22:37
  • Margot Boer

Margot Boer wie mei in sechsde plak op de 500 meter de bêste Nederlânske reedrydster op de twadde wrâldbekerwedstriid fan it seizoen yn Salt Lake City. Boer sette in persoanlik rekôr del fan 37.28. De winst yn Salt Lake City wie krekt as ferline wike yn Calgary foar Sang-Hwa Lee. De Súd-Koreaanse ried in nij wrâldrekôr: 36.57. Bexing Wang (Sina) waard twadde yn 36.85 en Heather Richardson (Amearika) tredde yn 36.97. Thijsje Oenema waard 15e yn 37.70, Anice Das 17e mei in pr fan 37.84 en Mayon Kuipers 18e yn 38.03.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)