Marco v.d. Heide iens mei FIFA

10 sep 2014 - 12:55
  • Marco van der Heide

Ald-Cambuurspiler Marco van der Heide fynt it goed dat it wrâldfuotbalbûn FIFA spilers better beskermje wol. De medyske kommisje fan de FIFA wol dat skiedsrjochters de wedstriid trije minuten stillizze, as der it fermoeden is dat in fuotballer in harsenskodding hat. Sa hat de dokter mear tiid om út te sykjen hoe slim oft it is. Van der Heide rekke op 5 oktober 2012 blessearre yn de wedstriid tsjin FC Dordrecht. Nei in botsing hie Van der Heide in harsenskodding. Dêrtroch moast hy syn fuotbalkarriêre beëinigje.

Van der Heide hat, twa jier nei de botsing, noch hieltyd lêst fan syn holle. 'As der in skonk trochmidden skopt wurdt, dan sjocht elkenien dat. Dat is net sa mei in blessuere oan de holle. It is gewoan hiel belangryk dat se dêr goed mei omgeane', sa seit Van der Heide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)