Marco Pappa kin los by It Fean

23 sep 2012 - 16:41

Marco Pappa kin oan de slach by SC Hearrenfean. De nije Fean-oanfaller út Guatemala moast noch wachtsje op in wurk- en ferbliuwsfergunning, mar dy hat er no krigen. Moandei sil er foar it earst meitraine mei de groep en as it goed giet, kin er sneon syn debút meitsje yn de thúswestriid tsjin NAC.

Pappa, dy't sneon yn Fryslân oankaam, is oernommen fan Chicago Fire. Trije wiken ferlyn waard Pappa as nije oanwinst op It Fean presintearre, mar hy fleach doe werom nei Guatemala foar twa ynterlâns. Dêrnei moast er noch wachtsje op syn papieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)