Marco Borsato haadact op Glemmer Beach op De Lemmer

28 jan 2016 - 15:08
  • Marco Borsato

Marco Borsato is de haadact op it strânfestival Glemmer Beach, dat ein augustus op 'e Lemmer hâlden wurdt. It festival duorret fjouwer dagen. De sânde edysje fan it Glemmer Beach is it iennige festival yn Noard-Nederlân dêr't Borsato dit jier optrede sil. Oare artysten dy't ek nei De Lemmer komme binne Miss Montreal en de Daredevils.

De organisaasje sil de kommende tiid noch mear nammen bekend meitsje. Ferline jier helle de organisaasje Anouk en Chef' Special nei De Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)