Marcel van Buuren per direkt fuort by Drachtster Boys

28 des 2015 - 14:02
  • Drachtster Boys

Trainer Marcel van Buuren fan Drachtster Boys is per direkt opstapt. Hy hat in nije baan fûn yn Sina, dêr wurdt hy trainer fan de jeugd ûnder de 19 jier fan Guangzhou Evergrande. Earder wie al bekend makke dat Van Buuren oan de ein fan it seizoen fuortgean soe, omdat syn kontrakt net ferlingd waard.

Neffens foarsitter Gijs Lokhorst is de klup al drok dwaande om in trainer foar de rest fan dit seizoen te finen. Drachtster Boys spilet yn de haadklasse en stiet ûnderoan mei twa punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)