Marcel is de jongste sjauffeur

15 mrt 2012 - 11:49

De 18-jierrige Marcel Postma fan Frjentsjer hat tongersdei yn Ljouwert syn frachtwein-rydbewiis helle. Dat is bysûnder, want Marcel is noch mar trije dagen 18. Hy is no de jongste Nederlander dy't op in frachtwein ride mei. Marcel hat gebrûk makke fan it programma 2toDrive, wêrby't je al op je 17de lessen op in frachtwein krije kinne.

Njonken it diploma krige Marcel ek blommen en kado's fan Transport & Logistiek Nederlân. Dizze organisaasje is wiis mei jonges as Marcel, omdat de kommende jierren in tekoart oan sjauffeurs ferwacht wurdt.

Marcel hat de leafde foar de frachtauto net fan in frjemd, want syn heit, omke en pake binne ek frachtweinsjauffeur. Ynternasjonaal ride, fynt Marcel is moaiste wat der is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)