Marcel Beima út koers

19 aug 2008 - 22:35
  • Marcel Beima

Hurdfytser Marcel_Beima fan Hurdegaryp is tiisdei yn de Grutte Priis Zottegem slim fallen. Yn de finale fan dy wedstriid yn België gongen ferskate fytsers ûnderút. Beima wie ien fan har. Hy waard nei it sikehûs brocht.

De koereur fan de Rabobank moat no ôfwachtsje hoe´t it mei de knibbel komt. Beima hopet dat er op ´e tiid better is om op 27 augustus te begjinnen oan de Ronde fan Ierlân. Zottegem waard wûn troch de Belch Roy_Sentjens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)