Marcel Beima út de giele trui

02 jun 2006 - 22:21

Marcel Beima is der freed net yn slagge om de lieding te behâlden yn de Volta Ciclista Tarragona. Yn de klimtiidrit fan freedtemoarn einige de Hurdegarypster as tolfde op 1.21 fan de Spaanske winner Sebastian Franco.

Yn de etappe oer goed 100 kilometer dy't dêrnei kaam einige Beima yn de earste groep. Yn it algemien klassemint stiet Beima no op it fyfde plak op in heale minút fan lieder Carinena. Sneon is de lêste etappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)