Marc Mboua falt út op training

01 nov 2007 - 16:41

SC Cambuur-oanfaller Marc Mboua is tongersdei blessearre rekke op de lêste training foar de wedstriid tsjin AGOVV. Hy hat op 'e nij lêst fan in ljisk. De Kameroenees wie krekt wer werom nei in ljiskblessuere.

Ek Rachid El Khalifi is net fit út de bekerwedstriid tsjin Excelsior kaam. De Marokkaan hat in spierblessuere. It is noch net dúdlik oft beide spilers freed ynsetber binne tsjin AGOVV út Apeldoorn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)