Maratonwinst foar Heideman

19 jan 2003 - 00:00

Jan Maarten Heideman hat sneon yn Alkmaar de reedrydmaraton wûn. Klassemintslieder Michaud foel yn de lêste bocht. De Friezen dienen yn Alkmaar net mei foar de winst. Van der Veen waard njoggende. Yn it algemien klassemint stiet er tredde, op grutte ôfstân fan Heideman en Michaud.

By de froulju wûn Daniëlle Bekkering, foar Jenita Hulzebosch. Dy hat yn it algemien klassemint noch in lytse foarsprong op Bekkering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)