Maratons Drinte gean oer

03 jan 2004 - 00:00

De maratons op natueriis yn Veenoord en Noordlaren geane sneon net troch. Der hie trije sintimeter iis lizze moatten, mar de kontroleurs fan it reedridersbûn KNSB ha sneontemoarn fêststeld dat dat net sa is.

De organisaasjes fan beide wedstriden hiene de maratons freed al oanmelden by de KNSB. No't de maratons net trochgeane, moatte de reedriders it dwaan mei de reguliere wedstriid op keunstiis, sneontejûn yn Haarlem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)