Maratonrydster Maria Sterk hâldt op

12 jan 2015 - 10:44
  • Maria Sterk

Maratonrydster Maria Sterk fan Hallum set in punt efter har reedrydkarriêre. De Hallumse wie net fan doel om no al op te hâlden, mar kin net oars: se is no 16 wiken yn ferwachting. Sterk is in grutte namme yn it maratonpeloton. Yn 2010 wûn se de Nederlânske titel op natueriis. Ek hat se in suksesfolle oanfal dien op it wrâldoererekôr.

Kommende sneon is de lêste wedstriid fan Sterk, op 'har thúsbaan' Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)