Maratonreedriden feroaret

30 aug 2006 - 09:55

Yn it maratonreedriden komme grutte feroarings. Der komt in topkompetysje dy't begjint mei achttjin ploegen en einiget mei tolve. Der wurdt in degradaasjesysteem ynfierd om de wedstriden spannender te meitsjen.

Boppedat sil de kommersjele stjoerder SBS6 it reedriden sneontejûns live útstjoere. De topkompetysje bestiet út sechstjin wedstriden fan hûndert rûntsjes. Ien dêrfan is op Thialf op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)