Maratonfeteraan Rein Jonker brekt heup op Weissensee

03 feb 2015 - 19:41

Maratonfeteraan Rein Jonker hat syn heup brutsen. Dat barde by de alternative alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk. In ploechje riders krige fan de fersoarging in pûdsje mei iten en drinken oerlange. Ien fan de riders foel en kaam yn botsing mei Rein Jonker.

Earst tocht er dat de ferwûnings tafoelen en is hy nei hûs ta gien. Mar moandei waard yn it sikehûs dúdlik dat Jonker syn heup brutsen hat. Yntusken is hy operearre.

Rein Jonker finishte yn de alvestêdetocht fan 1985 as fyftjinde. In jier letter waard hy twadde, achter Evert van Benthem. Yn 1997 die hy oan de alvestêdetocht mei as toerrider.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)