Maraton om Snitsermar

21 jun 2014 - 07:38
  • Kuierders moatte oerstekke
  • Snits by de start fan de Mar-aton
  • Syb van der Ploeg en Wiebe Kaspers

Foar it earst sûnt jierren wurdt sneon wer in maraton om de Snitsermar hâlden. Oerdei kuierje sa'n 3.500 minsken de 42 kilometer of de helte dêrfan, jûns dogge nochris sa'n 3.000 minsken dat dravende. Foar beide ûnderdielen jildt dat der foar de hiele maraton start wurdt by de Wetterpoarte yn Snits, dyselde lokaasje jildt ek as finishplak. Rinners en kuierders dy't de heale maraton dogge wurde mei bussen nei Hearesyl brocht, dat healwei de rûte leit.

De Mar-aton is in ferfolch op maratons yn de jierren '70 om de Snitersmar.

Omrop Fryslân hat ferslachjouwers lâns de rûte stean, dy't geregeld te hearren wêze sille yn de radioprogramma's. Fan ien oere ôf binne der ek bylden te sjen op Omroplive.nl en jûns ek yn Hjoed. Snein folget in ferslach fan de hurdrinwedstryd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)