Maraton nei 1,5 rûntsje stillein

05 mrt 2005 - 19:53

De earste maraton op natoeriis fan dit jier yn it Drintse Veenoord is freedtemiddei al nei oardel rûntsje stillein. It die bliken dat de boppeste laach fan it iis te sêft wie om goed op ride te kinnen.

Der stiene yn Veenoord 120 riders oan de start foar in wedstriid oer ien oere en fiif rûntsjes. In soad riders wiene it net iens mei it beslút om de wedstriid ôf te sizzen, want de KNSB hie it iis moarns noch goedkard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)