Maraton ferwachtet waarm waar

05 jun 2010 - 16:00

De organisaasje fan de maraton fan Ljouwert hat foar snein it waarm waar-senario út de kast helle. Dat betsjut ûnder oare dat der ekstra wetterposten binne. De dielnimmers kinne snein elke 2,5 kilometer wetter krije. Gewoanwei is dat om de fiif kilometer. Ek binne der ekstra EHBO-posten en stean der mear ambulânses klear.

In tal dielnimmers oan de heale maraton hat him yn ferbân mei de ferwachte waarmte oerskriuwe litten nei de tsien kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)