Maraton Earnewâld giet troch

27 des 2010 - 12:31
  • De tariedings wurde al dien

De 100 fan Earnewâld kin tiisdei riden wurde. It iis op it Wiid is oeral sa'n 15 sintimeter. Dat is neffens de Iiswegesintrale dik genôch. Sûnt de alvestêdewinter fan 1997 is dizze maraton net mear riden.

Ek al is it teiwaar en ha in soad minsken de lêste dagen op it iis stien, it iis is wol geskikt foar de maraton. IIsklup Lyts Begjin is drok dwaande mei de tariedings. De wedstriid foar de froulju begjint 9.00 oere, de manlju begjinne 11.00 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)