Mar bytsje snelheidskontrôles

18 feb 2010 - 15:50
  • Mar bytsje snelheidskontrôles

De Fryske plysje hat dit jier troch it winterwaar noch mar kwalik op snelheid kontrolearre. De hûnderten oeren dy't dêr foar steane, moatte yn de rest fan it jier ynhelle wurde. Neffens de plysje betsjut soks net dat minsken der aanst hiel bot om tinke moatte omdat der ynienen op in hiel soad plakken kontrolearre wurdt. Itselde winterwaar hie ek ynfloed op de fêste radarpunten. Dêr binne no folle minder minsken flitst; bytiden wol de helte minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)