Mar in bytsje bussen op ´e dyk

14 maaie 2008 - 09:54
  • Yn in grut part fan Fryslân ride gjin bussen

Reizgers dy´t woansdei mei de bus wolle, moatte rekken hâlde mei in soad oerlêst troch de stakings yn it streekferfier. Yn Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Easterwâlde bliuwe de bussen oan ´e kant.

De sjauffeurs stake dêr omdat se in bettere CAO wolle. De fakbûnen easkje yn de ûnderhannelings mei de wurkjouwers in leansferheging fan 3,5 persint en in bettere fergoeding foar syktekosten. De wurkjouwers sizze dat se neat fan de staking begripe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)