Mantgum wint NK skoalfamkes

19 jun 2004 - 00:00

Ilse Noorman, Thalia Rietsema en Elaine Reitsema wûnen sneon yn Sint Jabik it Nederlânsk Kampioenskip keatsen foar skoalfamkes. Mantgum wûn yn 'e finale mei 5-2 en 6-6 fan Boalsert. It Boalserter partuer bestie út Tessa Bosma, Feikje Bouwhuis en Melissa van der Wei. Der diene 31 parturen mei oan it NK keatsen foar skoalfamkes. De titel gie yn 2003 ek al nei Mantgum.

De lytse preemjes giene nei Goaiingea en Sint Jabik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)