Mantgum: doarpsomroppersconcours

01 maaie 2006 - 10:43

Yn Mantgum waard sneon in histoaryske merk hâlden mei in concours foar doarpsomroppers. De dielnimmers oan it concours kamen yn orizjinele klean út alle hoeken fan Nederlân. De kompetysje bestie út twa ûnderdielen: in ferplichte rop en in frije rop.

Njonken de histoaryske merk en it concours wiene der ek bustochten lâns nijsgjirrige histoaryske en argeologyske lokaasjes yn de gemeente Littenseradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)