Mantelsoargers wurde yn it sintsje setten yn De Harmonie

05 nov 2015 - 20:00

Tiisdei 11 novimber is it de lanlike dei fan de mantelsoarch. Yn Ljouwert wurde op snein 8 novimber al 525 mantelsoargers yn skouboarch De Harmonie traktearre op in lunch. De organisaasje is yn hannen fan de ynstellings dy't aktyf binne op it mêd fan de mantelsoarch.

Doel fan de lunch is om de mantelsoargers in kear yn it sintsje te setten. Foar guon fan harren is ferfanging regele, sadat se in kear in frije dei hawwe, mar der binne ek mantelsoargers dy't de persoan, dêr't se foar soargje, meinimme.

Nei de lunch is der ek noch in optreden fan fioeliste Emmy Verhey.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)