Mantelsoargers hawwe ferlet fan frije dagen

25 nov 2015 - 12:38
  • De mantelsoarchkeamer yn Abbingahiem

Mantelsoargers dy't foar langere tiid foar sike famyljeleden of freonen soargje, moatte sels ek ris in frije dei of frij wykein hawwe. Dat fynt de frijwilligersorganisaasje WELLZO yn Ljouwert. Op it stuit binne ien op de acht mantelsoargers oerbelêste. De soarch moat dan tydlyk oernaam wurde troch bygelyks frijwilligers út de buert.

Soarchorganisaasjes Palet, Noorderbreedte en WELLZO hawwe no in projekt opsetten om dit mooglik te meitsjen. Mantelsoargers kinne fan jannewaris ôf in dei of wykein nei in appartemint yn Abbingahiem yn Ljouwert.

Wa't leaver thús bliuwe wol, kin de soarch oernimme litte troch frijwilligers. De thússoarch bliuwt wol gelyk, sa sizze de organisaasjes. Atie van Vliet út Ljouwert is ien fan de soarchfrijwilligers fan it nije projekt en komt by de minsken thûs. Neffens har binne der no folle mear frijwilligers nedich, want ek sy seit dat de mantelsoargers de druk hast net mear oan kinne. It projekt is in primeur yn Fryslân. Yn Alkmaar is sa'n projekt al begongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)