Mansveld wol strangere regels foar dronepiloaten

03 sep 2015 - 14:06
  • Remco Kootstra mei ien fan syn drones

Der komme strangere regels foar it brûken fan drones. It bedriuw SkyDrone Nederland út Bûtenpost fynt dat wol goed. It bedriuw hat lest fan amateuristyske fleanders dy't yllegaal kommersjele opdrachten dogge. Sa bliuwt der net genôch wurk foar profesjonele dronepiloaten. Staatssiktaris Wilma Mansveld seit dat de nije regels benammen te krijen hawwe mei de soargen oer de feiligens fan it yllegaal fleanen mei in drone.

SkyDrone is offisjeel registreard foar it meitsjen fan dronebylden.

Dêrfoar moasten sy ek ynternasjonale toetsen dwaan. Takom maart organisearret it bedriuw út Fryslân in spesjale drone Expo yn Twinte foar oare drone-piloaten en -leafhawwers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)