Mansveld beriedt har op berop

31 jan 2014 - 17:55
  • Steatssiktaris Wilma Mansveld fan ynfrastruktuer

Steatssekretaris Wilma Mansveld beriedt har noch op in eventueel heger berop tsjin de útspraak fan it gerjochtshôf yn Den Haach om it farferbod fan feartsjinst EVT te ferneatigjen. Se nimt in moanne de tiid om ta in beslút te kommen. Yn oerlis mei de gemeenten, Doeksen en de EVT sil Mansveld sykje nei oare mooglikheden om de feartsjinsten fan en nei Skylge ek yn de takomst te garandearjen.

Tongersdei waard bekend dat it beslút fan Mansveld om de EVT fan 1 febrewaris ôf in farferbod op te lizzen, troch it gerjochtshôf ferneatige waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)