Manon Kamminga pakt brûns

14 sep 2012 - 09:42

Op it wrâldkampioenskip Inlineskaten hat Manon Kamminga fan Haulerwyk in brûnzen medalje helle op 'e 10 kilometer puntekoers. Yn it Italiaanske San Benedetto del Tronto gie it goud nei de Italiaanse Francesca Lollobrigida. Ho Chen Yang fan Taiwan lei beslach op it sulver.

Foar Kamminga is de brûnzen medalje har earste yndividuele WK-medalje ea. Nederlân hat oant no ta op it WK mei-inoar trije brûnzen medaljes helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)