Manon Kamminga ferspilet nasjonale titel op 300 meter

30 maaie 2015 - 15:12
  • Gerrie van Lingen wint de 300 meter by de A-junioaren

Manon Kamminga fan It Hearrenfean is har nasjonale titel op de 300 meter skeelerjen kwyt. Yn Purmerend joech se de winst op it lêste rjochte ein fuort troch út de bocht fuortendaliks yn de spagaat te gean. Bianca Roosenboom, dy't yn eardere jierren altyd twadde waard, koe dêrtroch dizze edysje op har namme sette. Tjitske Wassenaar fan De Lemmer waard nei har slimme fal fan ferline simmer knap sânde. De 300 meter by de A-junioaren waard wûn troch Gerrie van Lingen fan Twizelerheide, by de froulju waard Berber Vonk fan Appelskea twadde.

By de B-junioaren helle Marijke Groenewoud fan Hallum in twadde plak op de 300 meter, Maya de Jong fan Haulerwyk waard tredde. By de ôffalkoers by de froulju waard Berber V9nk ek twadde. By de kadetten jonges einige Harm Visser fan De Westereen op in fjirde plak. Marijke Groenewoud fan Hallum helle yn har ôffalkoers ek in twadde plak. It toernoai duorret oant en mei snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)