Mannen tanke sûnder te beteljen

10 jun 2004 - 00:00

De plysje hat woansdei nei in efter- folging twa manlju oppakt dy't benzine stellen hiene by in pomp yn Ljouwert. Nei't de twa dêr tankt hiene, swaaiden se nei de kassiêre en rieden fuort. By Hearrenfean seach de plysje de auto en sette de efterfolging yn.

De mannen rieden mei hege snelheid Oranjewâld yn. Uteinlik botsten se tsjin in tinkstien op en koene doe arrestearre wurde. De bestjoerder hie ek te folle dronken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)