Mannen smite mei túnkabouters

23 sep 2012 - 15:35

Twa mannen fan 21 en 29 jier út Dokkum binne sneontenacht yn har stêd oanholden foar fandalisme. In 65-jierrige man waard wekker fan leven en seach út it rút dat de beide mannen mei túnkabouters smieten. Hy belle fuortdaliks de plysje. Doe't dy rjochting it hûs fan de man oan de Burdaarderstrjitwei rieden, seagen se dat de beide fertochten de rotonde oerstutsen. Se waarden oanholden en nei it buro oerbrocht.

Nei ferhoar mochten de mannen it buro mei proses-ferbaal wer ferlitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)