Mannen slepe mei rolsteger

25 aug 2011 - 11:11

Twa manlju binne woansdeitenacht yn Harns oanholden omdat se mei in steger oan it slepen wiene. Befeiligers seagen dat de twa yn de Westerstrjitte de rolsteger oan it triuwen wiene, dy't dêrby tsjin de gevel fan in hûs oan foel.

De befeiligers warskôgen de plysje dy't de manlju, in 21-jierrige Haarlemmer en in 30-jierrige Harnzer, in bekeuring foar baldadichheid joech. De steger is mei feriene krêften wer oerein set en teplak set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)