Mannen skopt en slein yn trein

06 mrt 2013 - 13:47
  • Plysje-embleem

Twa Ljouwerters (20) binne yn de trein nei Snits misledige en oanfallen troch twa famkes. Earst sprutsen se de mannen oan, dêrnei begûnen se skellen fanwege har seksuele aard. Ek skopten, klauden en sloegen se de mannen. De famkes stapten dêrnei yn Snits út. De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling. Se binne 16, 17 jier, ien mei donker en ien mei ljocht hier, beide in sturt. De blonde hie in swarte jas en swarte strakke broek oan. De donkere hie in swarte jas en in spikerbroek oan. De mannen ha oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)