Mannen pakt foar fernieling

29 jan 2011 - 14:26

De plysje hat freedtenacht in man (22) út Zwolle en in Ljouwerter (21) oanhâlden op fertinking fan fernielerij fan in auto.

In tsjûge seach dat de beide mannen in auto op de Tjerk Hiddesstrjitte fernielden. Hy fleach nei bûten en hold de Ljouwerter fêst oant de plysje der wie. Dy seach by it oanriden in man draven op de Oastersingel dy't foldie oan it sinjalemint fan de oare fertochte. Uteinlik waard ek dizze persoan oanhâlden. Se binne heard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)