Mannen mei nepfjoerwapens pakt

18 feb 2012 - 13:54

In jonge (18) út Hurdegaryp is freedtejûn oanhâlden om't er in luchtdrukwapen by him hie. It wie net fan in echt fjoerwapen te ûnderskieden. Buertbewenners warskôgen de plysje om't der mei in wapen sketten waard op de Gealekamp. Ek op It Hearrenfean is alaarm slein om't dêr twa manlju mei in pistoal omrûnen. Ek dat wie gjin echt fjoerwapen, mar in boltsjespistoal. De beide manlju fan 21 fan It Hearrenfean ha prosesferbaal krigen foar ferbean wapenbesit, lykas de Hurdegarypster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)