Mannen betelje mei falsk jild

11 sep 2014 - 10:40

De plysje yn Drachten hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei twa Drachtsters oanhâlden foar it beteljen mei falsk jild. De mannen fan 29 en 35 jier woene by in hoarekabedriuw oan de Noardkade betelje mei in bryfke fan 50 euro. It briefke wie falsk. Dêrom waard de plysje warskôge.

De mannen binne meinaam nei it plysjeburo. It 50 euro biljet is yn beslach naam. Tsjin de fertochten is proses-ferbaal opmakke. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)