Manmachtige oersetaksje troch learlingen CSG Liudger Burgum

22 sep 2015 - 15:44
  • Anne Dykstra fan de Google Translate-wike

Learlingen fan skoallemienskip CSG Liudger yn Burgum sille tongersdei manmachtich Ingelske sinnen oersette yn it Frysk. Se dogge dat fanwegen de Fryske Google Translate Wike.

Doel derfan is om safolle mooglik Ingelske sinnen oer te setten yn it Frysk, sadat Google it opnimme kin yn syn oersetmasine op ynternet. De learlingen fan it Liudger yn Burgum binne it oersetten wol wend. Se krije dêr trijetalich ûnderwiis. Dat betsjut dat se fakken folgje yn it Ingelsk, Frysk en Nederlânsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)