Manlju yninoar skopt

13 apr 2009 - 14:44

Twa Hearrenfeansters binne peaskesnein oppakt foar slimme mishanneling. It twatal fan 25 en 26 jier wie op de Alde Komerk belutsen by fjochterij. Dêr waarden twa oare Feansters yninoar skopt.

Omstanners wiisden trije man oan as dieders. Twa koene fuortendaliks oanhâlden wurde. Utgeand publyk hindere de plysje, sadat de tredde ûntkomme koe. De plysje wit wa't it is. Ien fan 'e slachtoffers leit mei in slimme harsenskodding yn it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)