Manlju yn problemen troch hûn

27 sep 2006 - 11:47

Ofrûne moandeitejûn binne twa manlju by de Lauwersmar ôffierd mei de ambulânse nei it sikehûs yn Dokkum. De twa manlju en in frou lieten de hûn út. Dy gie te wetter en swom hieltyd fierder de Lauwersmar op.

De eigner fan de hûn is der achteroan swom, maar kaam yn de problemen. Ek de oare man en de frou gongen it wetter yn om te helpen. Op de wâl waarden de beide manlju net goed. De hûn waard de oare deis oantroffen op in kamping.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)