Manlju yn Boalsert trappearre op stellerij út miljeustrjitte

12 okt 2015 - 17:24

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei yn Boalsert twa manlju oanhâlden, dy't guod stellen hiene by it stoart yn de stêd. Surveillearende plysjes seagen de manlju rinnendewei fan de ôfrit fan de grutte dyk ôfkommen. Neffens eigen sizzen hiene se maleur mei de auto. De plysjes lieten har gean, mar seagen yn de berm kompjûterapparatuer en húshâldlike apparaten lizzen.

Se bleaunen yn de buert en koene de fertochten sadwaande in pear oeren letter trappearje, doe't dy it stellen guod ophelje soenen.

Ut ûndersyk die bliken dat de manlju it guod stellen hienen by de miljeustrjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)