Manlju smite stien troch rút

16 des 2008 - 10:15

De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei yn Snits twa manlju fan 19 en 20 jier út dy stêd oanholden foar fernielerij. In tsjûge hie sjoen dat de manlju yn de Kruizebroederstrjitte stiennen út de dyk hellen en tsjin in gevel oan smieten. Eefkes letter hearde de tsjûge glêsgerinkel, wêrnei't er de plysje warskôge.

Dy koe de fertochten op de Oosterdyk oppakke. Se binne meinaam nei it buro en sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)